KH2018 siket 2018 sponsors dy't elk 2018 euro betelje

23 nov 2015 - 22:47
  • Sponsorgearkomste KH2018 by garaazje Haaima yn Ljouwert

Yn 2018 moatte der 2018 bedriuwen wêze dy't partner binne fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. Al dy bedriuwen betelje dan datselde bedrach yn euro's. Dat is it doel fan Club 2018 dy't dwaande is mei it finen fan sponsors.

Op it stuit bin der 180 leden. Dêr is Jan van Erve, ferantwurdlik foar it binnenheljen fan de sponsors, foarearst tefreden mei. Hy ferwachtet de kommende tiid in soad nije leden binnen te heljen. It projekt Kulturele Haadstêd wurdt stadichoan konkreter en sadwaande foar bedriuwen nijsgjirriger om yn te ynvestearjen.

Dochs ûntbrekt it de organisaasje oan echt grutte sponsors. Allinnich De Haan Advokaten hat syn namme oan it evenemint ferbûn. Sy binne in grutte sponsor. Der rinne yntusken petearen mei oare grutte partijen. Ynkoarten hopet de organisaasje fan Kultuele Haadstêd dy nammen bekend te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)