Fergees nije resistinte ipebeammen te heljen by Iepenwacht

23 nov 2015 - 22:38
  • Jonge ipebeam yn Burdaard

De Stichting Iepenwacht Fryslân sil takom jier resistinte ipebeammen plantsje by partikulieren rûnom yn de provinsje. Dy beammen binne net befetlik foar de ypsykte. De nije beammen moatte derfoar soargje dat it tal beammen wer op peil komt, neidat de ôfrûne jierren in soad ipen delhelle binne yn ferbân mei de ypsykte.

De kommende jierren sille sawat 4000 resistinte ipen plante wurde. Partikulieren kinne harren by de stichting melde, om fergees ipen op it hiem plante te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)