Jong SC Cambuur wint spektakulêre wedstriid fan Jong Zwolle

23 nov 2015 - 21:14

Jong SC Cambuur hat moandeitejûn yn in spektakulêre wedstriid wûn fan de beloften fan PEC Zwolle. It waard 5-3. Cambuur begûn goed en kaam op 1-0 troch ferdigener Blackson. PEC gie lykwols tige effisjint om mei de kânsen en sa waard it 1-2 troch twa doelpunten fan Stef Nijland.

Nei it skoft krige PEC in strafskop en Lazic miste net: 1-3. It oerwicht fan SC Cambuur waard yn de twadde helte lang om let útbetelle. Steblecki, Van der Putten (2x) en Van Warven soargen foar de fjouwer Ljouwerter doelpunten en setten de einstân op 5-3.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)