"Skjinmakbedriuw hat risiko's dongsilo ferkeard ynskat"

23 nov 2015 - 17:28
  • Rjochtsaak fanwege deadlik dongsilodrama yn Makkingea, trije minsken kamen om it libben

De eigener fan it skjinmakbedriuw dy't terjochte stiet foar it ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea, hat de risiko's fan it wurk ferkeard ynskat. Dat sei it Iepenbier Ministearje moandei by de earste sitting fan de rjochtsaak. Fierders hiene de minsken dy't de silo skjinmeitsje moasten, gjin goede apparatuer by harren.

De saak is moandei noch net ynhâldlik behannele. Wannear't dat wêze sil, is noch net bekend. Der wurdt earst noch fierder ûndersyk dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)