Underwiis wurdt hieltyd better: minder swakke skoallen

23 nov 2015 - 16:54

Der binne hieltyd minder swakke of tige swakke skoallen yn Fryslân. Yn ferliking mei ferline jier is it tal swakke skoallen yn it fuortset ûnderwiis folle minder wurden: fan tsien ferline jier nei fjouwer dit jier. Der is wol ien skoalle bykaam mei it predikaat tige swak.

Yn it basisûnderwiis wiene der ferline jier sechstjin swakke skoallen. Dit jier binne dat trije minder. It tal hiel swakke skoallen is gelyk bleaun: ien. Mar it wie ferline jier wol in oarenien as dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)