VVD: "Lit Kulturele Haadstêd frij fan politike ynfloeden'

23 nov 2015 - 16:26

Kulturele haadstêd 2018 moat frij bliuwe fan politike ynfloeden. Dat seit de VVD yn provinsjale steaten. De partij wiist op de plannen om klimaatpolityk in belangryk ûnderdiel te meitsjen fan Kulturele Haadstêd. Sa is it de bedoeling om yn 2018 Fryslân twa wiken lang fossylfrij te meitsjen. Minsken kinne dan allinnich mei bygelyks in elektryske auto of in bus op grien gas op 'en paad.

De VVD fynt it ek gjin goed idee dat direkteur Minnesma fan Urgenda, de organisaasje foar duorsumheid, de plannen mei opsette sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)