Basisskoalle Rinsumageast ûntromme fanwege brân

23 nov 2015 - 12:55

By in brân moandeitemoarn by de skoalle yn Rinsumageast is asbest frijkaam. Dat hat de brânwacht bekend makke. De brân wie yn in skuorre achter de skoalle. It asbest is rjochting it neistlizzende sportfjild waaid. Dat is dêrom ôfset. Der wurdt op dit stuit ûndersocht hoe grut oft it ferspriedingsgebiet krekt is.

Ut foarsoarch is de skoalle middeis ticht. Doe't de brân útbruts, wiene de measte bern nei hûs te iten. De 10 bern dy't noch op skoalle wiene, binne troch oare âlden opfongen. It neistlizzende multyfunksjonele sintrum is ek ticht.

It personiel hat út foarsoarch de auto's op in oar plak delsetten. De tsien-minutepetearen fan moandei komme te ferfallen.

UPDATE: It asbest is delslein yn in lyts gebiet, sa waard moandei yn de rin fan de dei bekend. De sportfjilden binne moandeitejûn net tagonklik foar fuotbaltrainings. Doarpshûs De Beijer bliuwt moandeitejûn ek ticht. De gemeente Dantumadiel jout ynwenners fan Rinsumageast mei in brief ynformaasje oer de situaasje. Kristlike basisskoalle De Tarissing, dy't moandei ûntromme waard fanwege de brân, giet tiisdei wol wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)