Lekkaazje yn Ljouwerter akwadukt is oplost

23 nov 2015 - 12:50

De lekkaazje yn de daamwand by it nije akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert liket oplost. Dat seit de provinsje. Der stie wetter oan de ferkearde kant fan de daamwand dêr't it nije akwadukt komme moat.

Ferskate dûkers hawwe it hiele wykein wurk hân om mei klaai it lek te tichtsjen. De strjitten Weideflora en Stinzeflora wienen it hiele wykein ôfsletten foar autoferkear mar binne moandeitemoarn wer iepengien.

Yn jannewaris wurdt der ûnder wetter beton stoarten, de ferwachting is dat der dêrnei gjin problemen mear binne mei daamwand. Oannimmer Heijmans sil de finansjele skea betelje sa seit de provinsje Fryslân. Yn augustus 2016 moatte de earste auto's troch it akwadukt ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)