It Hearrenfean krijt AZC foar 600 minsken foar 10 jier

23 nov 2015 - 11:16
  • (argyffoto)

It Hearrenfean krijt in asylsikerssintrum foar maksimaal 600 flechtlingen. It AZC bliuwt maksimaal tsien jier. De opfanglokaasje komt op de hoeke fan de K.R. Poststrjitte mei de Weinmakker. Doel is dat it AZC ein 2016 klear is en minsken opfange kin. Omwenners wurde tiisdeitemiddei bypraten.

De gemeenteried moat noch offisjeel ynstimme mei de komst fan in AZC, de gearkomste dêroer is nije wike moandei, 30 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)