Rezjysitting oer dongsilodrama fan Makkingea

23 nov 2015 - 08:31

De rjochtbank yn Swolle behannelet moandei de rezjysitting fan de rjochtsaak oer it deadlik ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea. Dêrby kamen yn juny 2013 trije minsken om it libben, in fjirde rekke swierferwûne. Dat barde by it skjinmeitsjen fan de silo. De eigener fan it skjinmakbedriuw stiet no foar de rjochter. De saak wurdt moandei noch net ynhâldlik behannele, it giet om in sitting dêr't it Iepenbier Ministearje en de ferdigening oanjaan kinne wat se noch ûndersocht ha wolle.

De behanneling soe earst plakfine by de rjochtbank yn Almelo. De advokaat fan de fertochte, Tjalling van der Goot wie it hjir net mei iens om't syn kliïnt yn dizze rjochtbank gjin Frysk prate mei. Dêrom is de saak nei Swolle ferpleatst. Op de rezjysitting sprekt de fertochte lykwols Nederlânsk, mar by de ynhâldlike behanneling wol er graach Frysk prate. De rjochtbank set dêrfoar in tolk yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)