Burchwert docht it ljocht út

23 nov 2015 - 08:24

Burchwert wurdt it earste skimerdoarp fan Fryslân. Op de jiergearkomste fan doarpsbelang is besletten om it doarp effisjinter te ferljochtsjen. Dat betsjut dat der LED-lampen yn de lantearnepeallen komme en ek dat der in oantal peallen ferdwine. Hjirmei wurdt 70% besparre op de enerzjy. By de Boalserter Feart del komme spesjale lampen dy't goed binne foar flearmûzen, sy kinne dan better jeie. Burchwert slút mei dizze plannen oan by it projekt "Feel the Night" fan Kulturele Haadstêd 2018.

Dêrmei wolle se Fryslân nachts folle tsjusterder wurde litte, omdat dat belangryk is foar minsken en bisten. Doarpsbelang sil ek nachtlike kuiertochten organisearje om minsken bewust te meitsjen fan de nacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)