Jesper Hospes wint 'pure sprint' yn Hoorn

22 nov 2015 - 22:31

Jesper Hospes hat snein de Hollân Cup 'pure sprint' wûn. De Feanster reedrider fan Team Beslist.nl koe yn Hoorn syn ploechmaat en Olympysk kampioen op de 500 meter, Michel Mulder, efter him hâlde. Hospes klokte op de 100, 300 en 500 meter respektyflik 9.85 (twadde), 23.07 (twadde) en 35.98 (earste).

Mulder wûn de 300 meter yn 23.06, waard twadde op de 500 meter (36.09) en einige yn 9.86 as nûmer trije op de koartste ôfstân.

Oscar van Leen klokte 9.80, 23.39 en 37.04 en waard dêrmei tredde yn it klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)