Histoaryske Atlas fan Ljouwert is presintearre

22 nov 2015 - 17:57

Der is troch de jierren hinne fan alles skreaun en bondele oer de skiednis fan Ljouwert. Sûnt snein is der wer in boek by. Yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL) waard sneintemiddei de Histoaryske Atlas Ljouwert fan geograaf Meindert Schroor presintearre.

Yn 35 haadstikken wurdt oan de hân fan âlde en nije kaarten in byld jûn fan hoe't de Fryske haadstêd him troch de jierren hinne op romtlik gebiet ûntwikkele hat. De ûndertitel fan it boek is dêrom 'Fan terpdoarp ta kulturele haadstêd'.

De Histoaryske Atlas Ljouwert is ûnderdiel fan in rige atlassen. Sa binne earder al edysjes oer Deventer, Delft en Kennemerland útbrocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)