Basketballers Aris winne fan lânskampioen Den Bosch

22 nov 2015 - 16:49

De basketballers fan Aris soargen sneon foar in stunt troch lânskampioen Den Bosch mei lege hannen nei hûs te stjoeren. Yn it Kealledykje pakten de Ljouwerters ferrassend mei 78-71 de folle winst.
Healweis de earste helte wie de stân yn lykwicht (19-19) en by it skoft wie de foarsprong minimaal (36-35).
Yn de twadde helte kaam Aris 12 punten foar troch û.m. acht trije-punters fan topskoarder Joe O'Shea, mar Den Bosch kaam troch in 16-2 run hielendal werom (58-58). In sterke slotfaze brocht de fertsjinne oerwinning dêrnei dochs yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)