Marit Bouwmeester sakket yn klassemint nei minne dei

22 nov 2015 - 15:41

Sylster Marit Bouwmeester hat snein in minne dei hân by it WK Laser Radial yn Oman. Se sakke yn it klassemint fan it twadde nei it sechsde plak. De Wartenster waard diskwalifisearre yn de fyfde race en einige yn de sechsde race as njoggende. Mei skrasresultaat hat se noch wol sicht op it poadium.

Manami Doi út Japan hat no de lieding. It wrâldkampioenskip Laser Radial duorret noch oant en mei 26 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)