Blauw Wit '34 hellet jild op foar proteze foar Leroy

22 nov 2015 - 15:01

In benefytjûn fan fuotbalklup Blau Wyt '34 út Ljouwert hat oant no ta 11.500 euro opsmiten. De jûn wie organisearre foar Leroy von Banniseht. As fuotballer fan de klup waard de 23-jierrige Ljouwerter earst troffen troch in brutsen nekwervel.

Nei revalidaasje waard bonkekanker yn de knibbel ûntdutsen. Dêrop waard syn skonk amputearre. Doe't hy yn 2014 werstelde, waard longkanker konstatearre. It hold him net tsjin om de ambysje út te sprekken dat er yn 2020 yn Tokio meidwaan wol oan de Paralympyske Spelen as 'bladerunner'.

De soarchfersekerder woe lykwols in sportproteze net fergoede. Mei de opbringst fan de benefytjûn kin de 'blade' der no dochs komme. Yn de sporthal fan it Wiardakompleks wienen ûnder oaren optredens fan Syb van der Ploeg en sjongeres Denise Riviera. Dy woenen belangeleas optrede.

De klup wol mei it saneamde "Blauw Wit op z'n best" projekt faker wat werom dwaan foar de mienksip yn de foarm fan dit soarte benefytgala's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)