Wer wrâldrekôr foar Heather Richardson

22 nov 2015 - 12:28

Heather Richardson hat sneon by de wrâldbeker yn Salt Lake City it wrâldrekôr op de 1.500 meter ferbrutsen. De Amerikaanske frou fan Jorrit Bergsma ried in tiid fan 1.50.85. In wike earder ferbruts de rydster fan coach Jillert Anema ek al it wrâldrekôr op de 1.000 meter. Dat wie yn Calgary.

Marrit Leenstra út Wikel foel mei 1.53.70 krekt bûten it poadium. Antoinette de Jong fan Rottum waard achtste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)