Sven Kramer is nei acht jier syn wrâldrekôr op de 10 km kwyt

22 nov 2015 - 12:08

Sven Kramer is sneon nei acht jier it wrâldrekôr op 'e 10 kilometer kwytrekke oan Ted-Jan Bloemen. De 29-jierrige Nederlanner, dy't foar Kanada útkomt, sette in tiid del fan 12.36.30 by de wrâldbeker yn Salt Lake City. Dêrmei ferbettere Bloemen de tiid fan Kramer dy't yn maart 2007 12.41.69 ried op deselde baan.

Sven Kramer moast it opnimme tsjin Jorrit Bergsma. Beide Friezen koene net yn de buert komme fan de knappe prestaasje fan Bloemen. Sven waard twad (12.44.26) en Jorrit tred (12.53.99).

Sven Kramer sei nei ôfrin dat it ferlies sear docht, mar dat Ted-Jan it hiel goed dien hat. Jorrit Bergsma wist net wat him oerkaam doe't er op de lêste kilometer folslein yn elkoar klapte en einige mei in rûntsje fan 35 tellen. Yn de B-groep wiene Bob de Vries fan De Haule mei 12.43.57 en Arjan Stroetinga fan Waskemar mei 12.51.92 hiel rap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)