Bestjoerder botst tsjin beam by De Fochtel

22 nov 2015 - 11:32
  • plysje

By De Fochtel is in 23-jierrige ynwenner fan Donkerbroek sneontenacht ferwûne rekke by in oanriding. Troch ûnbekende oarsaak ried er op it Noordeinde de rjochterberm yn, stjoerde nei links, botste tsjin in beam en kaam op in oprit fan in hûs ta stilstân. Mei ûnbekende ferwûnings is er oerbrocht nei it sikehûs. By de bestjoerder is in bloedproef ôfnommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)