Alyda Norbruis is Nederlânsk kampioen op 500 meter tiidrit

22 nov 2015 - 10:59
  • Alyda Norbruis

Alyda Norbruis is sneon Nederlânsk kampioen op de 500 meter tiidrit wurden. De wedstriid wie yn Alkmaar op de NK Baan. De hurdfytster fan Oerterp krige foar de alfde kear it read-wyt-blau om de skouders.

De paralympyske sporter wûn sulver op de Olympyske Spelen yn 2012 en se is no drok oan it trainen foar de Spelen yn Rio takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)