Twa brânwachtminsken binne ûnderskieden foar 25 jier ynset

22 nov 2015 - 10:25

Twa brânwachtminsken fan de brânwacht fan De Fryske Marren ha sneontejûn by har ôfskied in keninklike ûnderskieding krigen. It giet om de 56-jierrige Fedde de Jong út Aldemardum en de 52-jierrige Luut Osinga fan Bakhuzen.

Se begûnen beide op 1 septimber 1990 as frijwilliger by de brânwacht fan Balk en ha dus 25 jier aktyf west. Se binne beneamd as lid yn de oarder fan Oranje Nassau. Lokoboargemaster Durk Durksz hat de ûnderskieding opspjelde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)