AZ besoarget Foppe de Haan earste ferlies

21 nov 2015 - 22:58
  • Foppe de Haan

AZ hat sneontejûn in ein makke oan it feit dat SC Hearrenfean ûnder lieding fan Foppe de Haan noch net ferlern hie. Yn Alkmaar einige de wedstriid yn in 3-1 oerwinning foar de thúsploech. Hearrenfean hie wol in goeie start, nei seis minuten skoarde Mitchell te Vrede de iepeningstreffer. Dêrnei pakte AZ it inisjatyf en noch foar it skoft wisten Vincent Janssen en Mounir El Hamdaoui it net te finen. Nei it skoft gie Hearrenfean op jacht nei de lykmakker, mar soarge opnij Janssen foar de einútslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)