Huzemerk yn Alvestêdewyk Frjentsjer lûkt wer oan

21 nov 2015 - 18:02
  • In animaasje fan de fytstunnel nei de Alvestêdewyk yn Frjentsjer

Nei twa jier fan stilstân komt der wer wat mear belangstelling foar nije huzen yn de Alvestêdewyk yn Frjentsjer. Dat seit wethâlder Joop Bekkema fan Frjentsjerteradiel. 

De Dûnker
Sneontemoarn waard de nije fytstunnel ûnder it spoar iepene, dy't de Alvestêdewyk ferbynt mei de binnenstêd fan Frjentsjer. Dy tunnel krijt de namme 'de Dûker'. 

De nijbou oan de súdkant fan Frjentsjer hat slim te lijen hân fan de krisis. Sa gong ien fan de projektûntwikkelaars fallyt. Mar no lûkt de belangstelling wer hiel foarsichtich oan.

Ferdwynt spoar tusken Ljouwert en Harns?
De spoartunnel hat 4,5 miljoen euro koste. En dat wylst der praten wurdt oer it opheffen fan de line tusken Ljouwert en Harns. Akkountantskantoar Deloitte hat dat neamd as ien fan de opsjes om wat te dwaan oan de grutte tekoarten by spoarbehearder Prorail. Regiodirekteur Jan Mulder fan Prorail wie lykwols ek by de iepening fan de spoartunnel, en hat Bekkema gerêststelle kinnen. Der soe hielendal gjin sprake wêze fan it opheffen de line. It is lykwols de minister dy't dêr úteinlik oer giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)