Al 5000 oanmeldings foar Fytsalvestêdetocht 2016

21 nov 2015 - 17:29
  • Dielnimmers oan de fytsalvestêdetocht 2014

Sa'n 5000 minsken ha harren - fia de foarynskriuwing - oanmeld foar de Fytsalvestêdetocht fan 2016. Yn totaal hawwe 8000 fytsers de mooglikheid om harren oan te melden fia de foarynskriuwing. Dit binne fytsers dy't fan de lêste fiif edysjes op syn minst fjouwer kear meidien ha oan de tocht.

Opfallend is dat de Fytsalvestêdetocht hieltyd ynternasjonaler wurdt. Under de foarynskriuwers sitte minsken út Kanada, Bonêre en sels Paraguay.

Sneintenacht einiget de foarynskriuwing, mar de organisaasje ferwachtet net in protte foaroanmeldings mear. De frije ynskriuwing fan de tocht set útein op 1 desimber. De Fytsalvestêdetocht fynt elts jier plak op pinkstermoandei. Dy dei falt yn 2016 op 16 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)