Nij platfoarm foar jonge teaterleafhawwers

21 nov 2015 - 16:21
  • Jongeren dogge mei oan de aktiviteiten it Jeugd Teater yn Bakkefean

Op it Jongeren Theater Festival yn Bakkefean wurdt sneontejûn de nije webside bekstik.nl presintearre. Dizze side moat in platfoarm wurde, dêr't jongeren diele kinne wat se meimeitsje as spiler, dûnser of gewoan leafhawwer fan toaniel en teater.

De redaksje wurdt dien troch in oantal jonge toanielspilers fan 'Kom mar op!' fan De Harkema. Sy soargje dat de webside by de tiid bliuwt. Sneon hawwe jonge teatermakkers al de hiele dei les hân fan betûfte dosinten. Oanslutend oan de presintaasje fan bekstik.nl sille sy sjen litte wat se leard ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)