Doeksen wiziget opnij tsjintregeling nei Flylân

21 nov 2015 - 15:24
  • De rappe boat fan Doeksen

Rederij Doeksen past snein opnij de tsjinstregeling oan, yn ferbân mei de ferwachte hurde wyn. Earder fan 'e wike barde dat ek al in pear kear.

De sneltsjinst fan en nei Flylân wurdt sneintemoarn út de feart nommen. Yn stee dêrfan fart der snein betiid in gewoane boat om 6:45 oere en 8:45 oere. De tsjinsten nei Skylge kinne wol gewoan trochgean.

Der wurdt snein in hurde oant stoarmeftige wyn út it noarden oant noardwesten ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)