Rekôrtal besikers tentoanstelling Natuurmuseum Fryslân

21 nov 2015 - 15:19

It Natuurmuseum Fryslân hat sneon de 30.000 besiker fan de eksposysje Animal Inside Out wolkom hjitten. Noch net earder yn it 90-jierrich bestean fan it museum is in tentoanstelling sa drok besocht.

De útstalling stiet no sân wiken yn it Natuurmuseum. Neffens it museum komme besikers út it hiele lân en út it bûtenlân nei de tentoanstelling. Dêrneist komme der ek in soad skoallen op besite. Der is sels in roaster makke foar wannear't skoallen lâns komme kinne, om foar te kommen dat it te drok wurdt.

De eksposysje is oant en mei 3 jannewaris kommend jier te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)