Flechtlingen Ljouwert ite by gastgesinnen yn Fryslân

21 nov 2015 - 14:25

250 flechtlingen út it WTC-Expo yn Ljouwert ite sneontejûn by Fryske gastgesinnen. It idee fan de saneamde 'Meet & Eat' is ûntstien by in groep frijwilligers. Se wolle de flechltingen in leuke jûn jaan en foar in pear oeren bûten de setting fan in opfangsintrum pleatse.

Der binne 167 gastgesinnen dy't harren oanmeld hawwe foar de 'Meet & Eat' en dat wylst der ûngefear hûndert nedich binne. De gastgesinnen komme út de hiele provinsje, fan Dokkum oant Koudum. Earder hat der in fergelykber inisjatyf west yn Apeldoorn en Zwolle.

Nije wike hat it televyzjeprogramma Bynt in rige oer de 'meet en eat'. Dy wurdt fan moandei oant en mei tongersdei útstjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)