Foarsitter Frysk IIsbûn Jan Oostenbrug riddere yn Snits

21 nov 2015 - 13:39

Foarsitter en iismaster Jan Oostenbrug is sneontemoarn riddere by syn ôfskied fan it Frysk IIsbûn. Yn it Skipfeartmuseum yn Snits krige Oostenbrug (69 jier) de hege keninklike ûnderskieding opspjelde. Oostenbrug is bliid mei de ferrassing.

Oostenbrug wie fan 2007 ôf foarsitter en iismaster fan it Frysk IIsbûn.

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean is de nije foarsitter fan it Frysk IIsbûn. Sytse Kroes fan Akkrum is de nije iismaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)