Twa Friezen op AD-list 'Meast yndrukwekkende persoan 2015'

21 nov 2015 - 12:08
  • Halbe Zijlstra

Hokker persoan hat de measte yndruk makkke yn 2015? Dizze fraach stelt it Algemien Deibled. De lanlike krante hat in list fan 57 persoanen opsteld dy't it nijs bepaalden. Twa Friezen hawwe de list fan it AD helle.

Dit binne shorttracker Sjinkie Knegt en politikus Halbe Zijlstra. Knegt, fan Bantegea, omdat hy dit jier sawol Europeesk as wrâldkampioen shorttrack wurden is. VVD-fraksjefoarsitter Halbe Zijlstra, út Easterwâlde, is opnaam yn de list fanwege syn krityk op it flechtlingedebat en it easkjen fan fersobering fan de flechtlinge-opfang.

Der kin oant en mei 30 novimber stimt wurde op de webside fan it AD. Dêrnei sil it AD de definitive list fan de 50 wichtichste persoanen fan 2015 publisearje.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)