Drankrider nei it sikehûs nei botsing op beam by Niebert

21 nov 2015 - 11:37

De plysje yn Grinslân hat freedtenacht it rydbewiis fan in 26-jierrige drankrider út Wynjewâld yn beslach naam.

De man wie op de Boerakkerwei by Niebert mei syn auto tsjin in beam riden. Hy waard mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Drachten brocht. Dêr is in bloedproef fan him ôfnaam. De man is neffens de plysje faker foar itselde fergryp oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)