Brânwacht rukt út foar mist yn tankstasjon

21 nov 2015 - 11:09
  • De mistgenerators binne troch ûnbekende reden oangien yn it tankstasjon

De brânwacht fan It Hearrenfean is sneontemoarn útrukt foar in brânmelding by it BP-tankstasjon oan de Haskerútgong. Al gau die bliken dat der gjin brân wie, mar dat it stasjon fol mist stie fan de befeiligingsynstallaasje.

It ynbraakalarm wie ôfgien, wêrnei't in generator it gebou fol mist sette. Dat sette wer it brânalarm yn wurking. De brânwacht hat it gebou luchte, wêrnei't it wer iepen koe. It it net dúdlik oft der ek echt ynbrutsen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)