Ynwenners Oerterp foar it meastepart posityf oer needopfang

21 nov 2015 - 09:35
  • MFC De Wier yn Oerterp

De ynwenners fan Oerterp reagearje foar it grutste part posityf op it nijs oer de needopfang yn multyfunksjoneel sintrum De Wier yn harren doarp. Dêr wurde fan tiisdei ôf 150 flechtlingen seis dagen lang opfongen. Bewenners binne mei in brief op de hichte brocht en de gemeente Opsterlân hâldt moandei in ynrinjûn dêr't minsken mei fragen telâne kinne.

De sporthal is oant sneintemiddei 13.00 oere noch gewoan yn gebrûk. Dêrnei begjint it ynrjochtsjen as needopfang. Mei de ferienings en organisaasjes dy't oars yn De Wier sitte, binne ôfspraken makke. Fan 4 desimber ôf is it multifunksjonele sintrum wer beskikber foar de gewoane aktiviteiten.

Moandeitemiddei om 17.00 oere is der in ynringearkomste foar ynwenners fan Oerterp, oer de needopfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)