Sábliková wint 5000 meter, mar Kleibeuker is rapper

20 nov 2015 - 22:06

Wrâldrekôrhâldster Martina Sábliková wûn sa as ferwachte de 5000 meter by de wrâldbeker yn Salt Lake City, mar wie net de rapste fan de dei. Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean ried yn de B-groep de bêste tiid: 6.45.04. Sábliková klokte 6.47.42 yn de A-groep. Yvonne Nauta hie it wer dreech op de heechlânbaan. Se einige as njoggende yn 7.05.88. Irene Schouten waard fiifde yn 7.00.19. It sulver yn Salt Lake wie foar de Russise Natalya Voronina mei 6.53.16. Ivanie Blondin fan Kanada pakte it brûns yn 6.55.88.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)