Wolvegea betinkt slachtoffers fan oanslaggen yn Parys

20 nov 2015 - 20:34

Sa'n 150 minsken hawwe freedtejûn de gearkomste 'Samen voor Vrede en Veiligheid' yn de katolike Sint-Franciscustsjerke yn Wolvegea bywenne. Kristenen en moslims betochten mei-inoar de oanslaggen yn Parys fan in wike lyn.

De gearkomste waard organisearre troch de protestantske gemeente, de islamityske mienskip, de Roomsk Katolike Petrus en Paulusparochie en de Doopsgezinde Gemeente. Fan alle fjouwer wiene der speeches en derneist koene minsken in kears oanstekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)