Nij rekôr foar Carien Kleibeuker op 5000 meter

20 nov 2015 - 20:26

Carien Kleibeuker hat yn Salt Lake City in nij Nederlânsk rekôr delsetten op de 5000 meter. De 37-jierrige ynwenster fan It Hearrenfean die dat yn de B-groep. Har 6.45.04 wie rom fjouwer sekonden rapper as de âlde toptiid fan Gretha Smit fan trettjin jier lyn, ek riden yn Salt Lake (6.49.22). Antoinette de Jong waard mei in pr fan 6.56.45 twadde. De tiid fan Kleibeuker is de twadde tiid ea op de 5000 meter. Allinne Martina Sábliková is mei 6.42.66 rapper. De A-groep komt freedtejûn yn aksje.

Marrit Leenstra ried mei 38.20 de twadde tiid op de 500 meter yn de B-groep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)