Regnerus Steensmapriis foar opknapt doktershûs Kollum

20 nov 2015 - 18:21

De Regnerus Steensmapriis fan de Stichting Erfgoed Kollumerland is freed útrikt oan Klaas Jan Stellema en Jantina de Vries. Sy binne de eigeners fan it restaurearre doktershûs oan de Foarstrjitte yn Kollum, wêryn se ek in bêd & brochje ha. It monumintale hûs stie nei in brân jierren te fertutearzjen efter grutte stekken, mar is no wer in pronkstik yn de strjitte.

De sjuery, ûnder foarsitterskip fan Broor Adema, wie benammen te sprekken oer de kombinaasje fan âlde eleminten mei modern komfort. De Regnerus Steensmapriis is bedoeld om eigeners fan monumintale gebouwen yn Kollumerlân en Nijkrúslân te stypjen en oan te moedigen dizze yn styl te ûnderhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)