Omrop TIP: Kom non-stop yn de kryststimming mei Douwe

22 nov 2015 - 07:58

Noch fiif wiken en dan is it alwer krysttiid. Om alfêst yn de stimming te kommen hat Douwe Heeringa de moaiste krystmuzyk op in rige setten. Yn syn programma 'Mei Douwe' jout de presintator snein it startskot foar 'Kryst mei Douwe'. Op de online radiostjoerder is non-stop krystmuzyk te beharkjen út alle dielen fan ‘e wrâld en yn in soad ferskillende sjenres.

Mei it each op de feestdagen hat Douwe Heeringa hûnderten prachtige krystmuzykstikken útsocht. Fansels de klassikers, mar ek Russyske krystmuzyk út St. Petersburg. De krystmuzyk út alle dielen fan ‘e wrâld, fan Skandinavië en Súd-Amearika oant Yndonezië is te hearren. Fansels ûntbrekke ek de tradisjonele Ingelske Christmas carols net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)