Dokkumer angelsportferiening fisket foar Sintrale As

20 nov 2015 - 16:41

Leden fan de Dokkumer angelsportferiening hawwe freedtemoarn yn trije oeren tiid de Meersloot by Dokkum folslein leechfiske. De sleat leit op it trasee fan de Sintrale As en moast dêrom leechpompt wurde.

De fiskers hawwe sa'n 70 snoeken en oare soarten fisk mei skepnetten derút helle. Ien snoek wie hast in meter lang. De bisten binne ferfolgens oerset nei in nije sleat.

Auke Vrieswijk en Otto Vos fan de Dokkumer angelsportferiening hawwe de hiele moarn dwaande west. “We zijn drie uren bezig geweest. De kraanmachinist gaf ons alle ruimte en van de uitvoerder kregen we speciekuipen en emmers die we mochten gebruiken om de vissen te vervoeren naar de andere sloot.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)