Social media ferslaving: fjouwer tips

20 nov 2015 - 18:06

Hawwe jo ek bern of pake- en beppesizzers dy't har tillefoan of tablet net del lizze kinne, omdat se sitte te whatsappen, facebooken of op youtube sitte? Ien op de seis bern tusken de 12 en de 18 is ferslaafd oan social media, sa melde it CBS freed.

De bern sizze it fan harsels. Foaral famkes kinne der net sûnder. Fjirtijin persint fan har is fiif oeren of langer deis oan de gong mei de social media. It hat serieuze gefolgen: want se sliepe net goed mear en op skoalle giet it ek minder.

Fjouwer tips foar âlden:
1. Sjoch mei op social media.
2. Tink net dat social media ferkeard is.
3. Praat der oer mei oare âlden.
4. Stel mominten fêst wêrop de bern wol of net op social media meie. 

Trefwurden: 
social media ferslaving
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)