Himpkwekerij mei rom 1000 planten oprôle yn Frjentsjer

20 nov 2015 - 15:10
  • Stockfoto

De plysje hat freed yn in loads oan de Marconistrjitte yn Frjentsjer in himpplantaazje oprôle. Dêr stiene fiifhûndert planten en der wiene krekt ek fiifhûndert planten rispe. Alle planten en de apparatuer binne yn beslach naam en wurde ferneatige.

De stroom dy't nedich wie, waard yllegaal ôftape. De plysje kaam de kwekerij op it spoar troch in anonime tip. Der binne noch gjin minsken oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)