Oanjefte Hanzehogeschool om wegerjen homoseksuele stazjêr

20 nov 2015 - 14:58

De Hanzehogeschool yn Grins docht oanjefte tsjin de agraryske gruthannel De Boer yn Drachten. It bedriuw wegere in studint as stazjêr fan de Hanzehogeschool, om't er homoseksueel is. De skoalle docht dêrom oanjefte fan diskriminaasje.

Ek makket de skoalle melding by it antydiskriminaasjemeldpunt. Earder melde organisaasje Tûmba al dat de studint, Bas van der Meer út Drachten, in sterke saak hat, om't de ôfwizing fan it bedriuw en de reden dêrfan swart op wyt steane. Dat 'bewiis' is der hast noait, seit Tûmba.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)