150 flechtlingen nei krisisneedopfang MFC De Wier yn Oerterp

20 nov 2015 - 14:20
  • MFC De Wier yn Oerterp

Yn multyfunksjoneel sintrum De Wier yn Oerterp wurde fan tiisdei ôf maksimaal 150 flechtlingen opfongen. De needopfang jildt foar maksimaal seis dagen. Dêrnei gean de flechtlingen nei in oare opfanglokaasje. Meiwurkers fan de gemeenten Hearrenfean en East- en Weststellingwerf helpe mei yn de opfang.

Omwenners binne mei in brief op de hichte brocht. Moandei tusken 17.00 en 19.00 oere is der in ynformaasjegearkomste yn MFC De Wier.

De gemeente Opsterlân hâldt minsken ek op de hichte fia de gemeentlike webside, in spesjale facebookside en fia twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)