Tûmba: "Van der Meer makket goeie kâns by rjochtsaak"

20 nov 2015 - 12:57

Antydiskriminaasjeburo Tûmba tinkt dat studint Bas van der Meer in goede in goeie kâns makket om in eventuele rjochtsaak tsjin lânboumeganinaasjebedriuw De Boer út Drachten te winnen. De reden hjirfoar is dat hy net ôfwiisd is om wat hy kin, mar omdat hy ôfwiisd is om wa't hy is. Dat seit juridysk spesjalist Mirka Antolovic fan Tûmba.

Van der Meer waard dizze wike in staazjeplak by De Boer wegere, om't er homoseksueel is. Hy hat oanjûn dat er mooglik oanjefte dwaan sil by de plysje wegens diskriminaasje.

Yn de mail mei de ôfwizing seit it staazjebedriuw dat se gjin muoite ha mei it feit dat er homo is, mar wol dat er dêr iepenlik foar útkomt en ek in freon hat. Om't de ôfwizing en de redenearring swart op wyt steane, hat Van der Meer in sterke saak as er nei de rjochter stapt, seit Antolovic. By Tûmba komme alle wiken sa'n fiif meldingen oer diskrinaasje fan homo's binnen. 

COC Fryslân is skokt troch de saak
Ek it COC hat reagearre op de saak. 'Dat dit anno 2015 noch gebeurt', sa reagearret direkteur Cees van Baalen fan homobelange-organisaasje COC Fryslân op kwesty Bas van der Meer. Van Baalen is skokt hjiroer. Hy wol Van der Meer graach helpe as dy der in saak fan makket op grûn fan diskriminaasje. 

It COC yn Grins slút him dêrby oan. Kris van der Veen, foarsitter fan it COC yn Grins, seit dat hy him goed yn Van der Meer ferpleatse kin. Hy komt sels ek fan 'e Harkema, hat dêr oant syn 18e wenne. "Ik weet dat het in die buurt heel lastig is om voor je geaardheid uit te komen', sa lit hy witte. 

En fierder seit hy: "Ik hoop als voorzitter van COC Groningen dat dit een uitzondering is, maar ik sluit niet uit dat eventuele andere homoseksuelen bij A. Th. De Boer verder in hun schulp kruipen."

De reaksje fan Bas van der Meer en de brief fan De Boer Drachten

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)