Kurator hat goede hoop foar trochstart hotel De Klinze

20 nov 2015 - 12:26
  • De Klinze

Kurator Pier van der Sluis hat goeie hoop dat hotel De Klinze yn Aldtsjerk in trochstart meitsje kin. Dizze wike frege eigener Gert Snijders it fallisemint oan.

Neffens de kurator binne der twa oarsaken foar de minne resultaten: de earste is dat de saaklike klanten troch de krisis fuortbleaunen. De twadde hat te krijen mei de boekings. De measte gasten reservearje fia boekingssites. Mar dêrop moast sa'n lege priis per keamer biede dat it net mear rendabel is.

Eigener Snijders hat noch ûnderhannelings fierd mei soarchpartijen om der in lúks ferpleechhûs fan te meitsjen, mar dat gong úteinlik net troch. Dochs tinkt de kurator dat der wol partijen komme om De Klinze oer te nimmen. Van der Sluis wol besykje it hotel oant de ein fan it jier iepen te hâlden om sa mooglike nije eigeners in goeie start te bieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)