Nij topstik Alma-Tadema "spat fan de muorre" yn Fries Museum

20 nov 2015 - 11:58
  • 'Entrance to the Roman Theatre' (1866)

Yn it Fries Museum is fan sneon ôf it djoerste skilderij te sjen dat it museum ea oanskaft hat. It giet om it skilderij 'Entrance to a Roman Theatre' út 1866 fan de Fryske skilder Sir Lawrence Alma-Tadema. Yn maaie 2015 hat it Fries museum it skilderij kocht foar 1,8 miljoen dollar. Sneon is it dan lang om let te sjen.

It topstik wurdt sjoen as ien fan de belangrykste wurken fan Tadema. It soarge foar syn ynternasjonale trochbraak.

Alma-Tadema waard yn 1836 berne yn Dronryp en festige him letter as skilder yn Londen. Yn 2016 organisearret it Fries Museum in ynternasjonale tentoanstelling oer Alma-Tadema. It museum wie al yn it besit fan de grutste Alma-Tadema kolleksje fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)