SC Hearrenfean-spits Te Vrede start yn basis tsjin AZ

20 nov 2015 - 11:01

Mitchell Te Vrede sil sneon yn de basis begjinne yn de útwedstriid tsjin AZ. De spits krijt de foarkar boppe Henk Veerman. Dat is dúdlik wurden op de training fan freedtemoarn. De ôfrûne wedstriden wie Veerman skorst en stie Te Vrede dêrom yn de basis. No't trainer Foppe de Haan út beide spitsen kieze kin, kiest er foar Te Vrede.

Foar de wedstriid fan sneon is oanfierder Joey van den Berg skorst. Syn ferfanger is Jordy Buijs. Jeremiah St. Juste is hersteld fan in blessuere en is dus ynsetber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)