Otterpopulaasje nimt ta

20 nov 2015 - 10:12

It giet goed mei de otter. Dat meldt de Wageningen Universiteit. Yn de winterperioade fan 2014-2015 is de otterpopulaasje mei sa'n 14 prosint tanaam.

Der binne no sa'n 160 otters yn Nederlân. Dy libje benammen yn it súdeasten fan Fryslân en de kop fan Oerisel. Dit is it gebiet dêr't de bisten ea útsetten binne. Se bliuwe frij fêst yn itselde gebiet. De otters binne allinnich op eigen houtsje nei de Oostvaardersplassen yn Flevolân gong.

Trefwurden: 
otters
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)