Fryske studinten presintearje eigen bedriuw yn Ljouwert

20 nov 2015 - 08:30

Yn winkelsintrum it Saailân yn Ljouwert is freed in dei foar jonge ûndernimmers fan de trije MBO-skoallen yn Fryslân (Friese Poort, Nordwin, Friesland College). Trettjin studintebedriuwen presintearje harren bedriuwkes dêr en besykje guod oan 'e man te bringen op dizze merkdei.

Jong Ondernemen is in stifting dy't ûnderwiis en ûndernimmers byinoar bringt. Doel fan de dei is om studinten yn de praktyk te learen wat ûndernimmen is. De produkten dy't de studinten ferkeapje, hawwe se sels betocht en makke.

In faksjuery beoardielet de studinten. Freedtemiddei makket wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert de winners bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)