Dief naait út mei telefoan nei babbeltrúk

20 nov 2015 - 08:20

In ûnbekende man hat yn de nacht fan tongersdei op freed in stapper yn Ljouwert berôve fan syn mobile telefoan. De fertochte frege syn slachtoffer op it Waagplein oft er de telefoan efkes brûke mocht. De stapper joech syn telefoan ôf en de twa manlju rûnen tegearre rjochting de Bagijnestrjitte. Dêr naaide de dief út mei de telefoan.

It giet om in Noard-Afrikaanske man fan sa'n 23 jier âld. Hy hat swart hier en droech in brune jas. De plysje siket tsjûgen fan de stellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)